BEGB-Roden/lLeek 2
BEGB-Roden/Leek 2, 27-2-2016
Us lêste wedstryd. Der stiet neat mear op it spul. Miskien kaam it hjirfan, mar it gie as it spoar. Earst kombinearde Sietse al nei in oerwinning en doe wie it noch mar kertier foar ienen. Even letter helle Jan Peters in daam tsjin in fierstente fluch spyljende aspirant dy’t noch gjin rating hie.
Jeppe rekke in skiif efter troch in keatsingssetsje en Reinout kaam in skiif foar troch in slimmichheidsje. Doe rekke Ruurd it spoar bjuster: hy rûn yn in set en koe fuort opjaan. Omdat Jan en Reinout hjirnei wûnen wie de stand al ier op de middei 6-2 foar ús.
It duorre eefkes, want de rest damme wat langer troch. Klaas Koopman hie der in soarte fan loksetsje yn en syn tsjinstander liet him ferlokje: Klaas in skiif foar.
Jeppe helle knap remise:hy joech ta ferwûndering fan syn maat him in daam, plakte en rêde him mei remise.
Yn myn eigen partij gie net alles nei winsk. Ik stie net goed en koe my rêde troch in moaie kombinaasje dy’t my daam opleverje soe. Dat ferge wol wat prakkesaasjes, want de set sels wie 13 setten djip. Ik rekke ien skiif efter, mar de stand wie sadanich dat ik dêrnei noch in skiif offerje moast. Dan soe ik twa skiven efter stean. Wol seach ik dat ik de daam hâlde koe. Dus naam ik de kombinaasje.
Yntusken wie Pieter troch in ûnnauwkeurichheid in skiif efter rekke; syn stand wie dêrnei hopeleas.
Eeltje Terpstra spile in lykweardige remise en hy brocht de stand op 8-4. Roel Toering hie in prima stand, mar syn maat koe troch in kombinaasje troch de linys fan Roel brekke en bea fuort remise oan. Roel beseach it efkes, mar seach gjin mooglikheden ta winst mear en dus wie it doe 9-5.
Klaas Koopman stelde de winst feilich troch moai te winnen.
Helaas gie it yn myn eigen partij dochs noch mis. Myn maat begûn fluch te striken en ik tocht dat er de moed opjûn hie, mar hy siet te loeren op in lêste redding. Ik krûpte efter in skiif yn de ferwachting de partij hjirmei te winnen, mar hy liet my trije slaan, pakte twa werom en doe stie ik ien skiif efter en wie myn daam fuort. Der stiene mar in pear skiven mear op it boerd en myn maat makke it moai út, dat wol. Dat wie 11-7.
Pieter hold it it langste fol, mar moast ek belies jaan. En sa waard it (mar) 11-9. Fan tefoaren tocht iderien dat wy dizze pot maklik winne soene. No, sa maklik wie it dus net – al hat de oerwinning nea yn gefaar west.
Jelte Veld

Speelaccommodatie
"Britsenburg"
M. v. Coehoornwei 16a
Britsum
tel. 058-2574357