Bezint Eer Gij Begint

Damclub BEGB

Begb-dch 3



Op bijgaande foto zit Pieter zijn winnende stand te overzien. Jan daarentegen komt tot de ontdekking dat er geen redden meer aan is. Helemaal achteraan is Reinout al zover dat hij zijn tegenstander en het bord heeft opgeruimd.IMG 20160130 WA0001BEGB – Hearrenfean/Mildam 3

Dit stukje heeft wat tijd nodig gehad om op onze site te komen. Als Sjoerd een stukje schreef dan was het wel duidelijk wat er stond. Voor mij was dit stukje namelijk onleesbaar en waarschijnlijk geschreven door iemand die deze vreemde taal wel machtig is. Ik heb diverse personen uit onze gemeente (het Bildt) gevraagd wat hier gesc hreven stond. Een import-Fries wist mij tenslotte  te vertellen dat het in het Fries was geschreven. Een hele opluchting voor mij.
Daarom ga ik ervan uit dat de Friezen onder ons dit kunnen lezen. Het schijnt een goed stuk te zijn.
Jeppe




Op 30 jannewaris mochten wy wer ris damje. It wie al in knap skoft lyn en dan binne je ekstra motivearre. Hearrenfean 3 wie de ideale tsjinstander om tsjin te spyljen. De BEGB’ers stiene (op in pear nei) allegearre op skerp.

Al ridlik gau helle Eeltsje in 2 om 2 út mei trochbraak nei daam. Eventsjes letter seach Mondria op myn boerd in lokset wol (hy koe 5 weijaan, 4 wer krije en hie dan in daam – mar dy naam ik dan wer ôf mei gelike stikken), mar in simpele 2 om 3 net. It wie twa oere doe’t wy beide al út wiene en der 4-0 op it skoareboerd stie.

Trije kertier letter sloech Reinout ta fia in 3 om 4. Daam en syn tsjinstander joech sportyf daliks op. Dat wie dus al 6-0. Wat in begjin! Mar eins is der neat oan oft je dan klear binne, want je wolle leaver noch even trochdamje no?

Sietse hie in deadlik klaverbledsje yn syn stand en dat like ek goed.

Mar doe gie it in bytsje mis. Jan Peters seach in setsje oer de kop (nyt even narekend,  sei Jan) en kaam in skiif efter en syn maat koe trochbrekke nei daam. Doe duorre it net sa lang mear dat it út wie: Riddersma helle der noch in ridderslach út en doe wie it dien mei Jan syn illúzjes.

Yntusken hie Roel in prima deeglike klassike stelling op it boerd. Jeppe stie sa’t it like ek goed, dus de oerwinning stie der al oan te kommen.

Sake soarge foar it folgjende puntsje. Yn in 9 om 9 stand besleaten beide ta remise. It wie wol in foardielige stand foar Sake, mar ien puntsje is ek best.

Sietse stie ynmiddels op daam en spile rêstich nei de winst; Geart Rozenberg kaam der net mear oan te pas.

Yn de partij fan Jeppe kearden de kânsen. Miskien dat Jeppe wat te folle tocht dat hysels goed stie, wy witte it net, mar yn elk gefal wie de stand ynienen net sa goed mear foar Jeppe en moast hy setten dwaan dy’t hy leaver net dien hie. Dat rûn dus ferkeard ôf en Jeppe waard op in nul trakteard. Roel spile syn dochs net swakke tsjinstander finaal fan it boerd. Hy aksele noch wol wat tsjin, mar as je 3 skiven efter steane kinne je mar better ophâlde. Dat die hy doe ek mar.

Yke Miedema, dy oare ynfaller by ús, die it prima. Hy helle der in aardich setsje út en kaam op daam. Syn tsjinstander skode wat hastich, woe ek op daam. Yke koe doe, sa joech Eeltsje oan, fjouwer skiven offerje en dan alles der ôfslaan. Dat hie wat west! Mar it gie net troch en de partij rûn remise.

We ha it noch net oer Pieter hân. Dy wie der ek en hy damme as fan âlds. Syn maat kaam ien efter troch goed posysjespul fan Pieter. Even letter rûn hy efter twa fan Pieter en Pieter hie doe de partij wol sawat beslisse kind, mar hy seach it net: hy hie ‘plakke’ kinnen. Mar dochs rûn de partij gewoan út op winst, sûnder problemen.

Al mei al waard it dus in 14-6 oerwinning en dêr kinne wy hiel tefreden mei wêze. We komme sels even yn de top fan it klassemint en dat like der yn it begjin fan de kompetysje net op. Hopelik kinne wy tsjin Hearrenfean 2 itselde sjen litte, mar dat sil wol wat dreger gean.

Jelte Veld

Speelaccommodatie

"Britsenburg"
M. v. Coehoornwei 16a
Britsum 
tel. 058-2574357

De (historische) uitslagen worden bijgehouden door Willem Lep. We willen graag het archief in orde hebben. Als iemand nog gegevens heeft die ontbreken op de website, stuur dan even een mailtje naar penningmeester@begb.nl. Zo zoeken we ook nog teamopstellingen van competities, bekeruitslagen, namen en verbetering van gegevens die niet correct zijn vermeld.